Famke út Ljouwert te plak

By de sykaksje waarden in lytse 1900 minsken ynskeakele
De 17-jierrige Manon Meulenbroek út Haarlim is wer terjochte. It famke waard sûnt freedtejûn fermist yn Ljouwert. It famke siet yn in ynstelling yn Ljouwert en wie yn oerspannen tastân fuortgien.
Har begelieders makken har slim soargen oer har. Freed waard al in Burgernetaksje op tou setten troch de plysje en ek sneon waard noch folop fierder socht. Lang om let slagge it om kontakt te krijen mei it famke en har op te spoaren.