NK 'Blubberjen' lûkt 1700 man

Yn Tytsjerk waard sneon it iepen Nederlânsk kampioenskip blubberjen hâlden. By blubbering is it de bedoeling dat je mei in auto sa fier mooglik ride op in baan fan drek.
De baan is 50 meter lang. It trajekt wurdt hieltyd dreger makke troch der wetter op te spuitsjen. De 83 dielnimmers hiene aardich publyk. It spektakel luts sa'n 1700 besikers.