Sfear yn Skalsum House

Yn Skalsum by Frjentsjer siet it hiele doarp om healwei twaen klear foar Nederlân-Japan. Skalsumers hawwe hjir in eigen Skalsum House boud, de Skalsumer ferzje fan it Holland House. Ek op oare plakken yn Fryslân waard foaral yn de kroegen nei Oranje sjoen.
Op de dyk en yn de winkels wie it sneontemiddei opfallend rêstich. Op guon plakken joegen winkels koarting oan minsken dy't ûnder de wedstriid ynkeapen diene. De wedstriid tsjin Japan einige yn 1-0 foar Oranje.