Plysje pakt fernielers bushok

De plysje hat freed trije knapen oppakt dy't in bushokje tusken Tsjummearum en Furdgum fernield hawwe. In tsjûge joech de fernieling troch oan de plysje en dy koe de jonges krekt bûten Tsjummearum oanhâlde.
Twa 14-jierrige jonges út Tsjom en Frjentsjer en in 15-jierrige jonge út Winaam binne meinommen nei it buro, dêr't se de fernieling bekend hawwe. Mei in proses-ferbaal yn 'e bûse koene se wer nei hús ta.