Plysje hâldt jonges ûnder skot

De plysje nimt sokke meldings hiel serieus
Fjouwer 12-jierrige jonges út Heech binne freed troch de plysje ûnder skot hâlden. De jonkjes wiene oan it soldaatsje-boartsjen mei plestik en tripleks-gewearen. In toerist hie de plysje alarmearre en dy kaam der mei trije plysje-auto's op ôf.
De plysjes stapten mei it wapen yn de hân út en twongen de jonges de wapens del te lizzen. De plysje seach doe al gau yn dat it om boartsjende bern gie en hat de jonges gerêststeld, se mochten gewoan fierder boartsje.