Famke Makkum ferdronken

18 jun 2010 - 20:18

In famke fan oardel jier út Makkum is freedtemiddei ferstoarn nei't se yn in sleat fallen wie. It famke wist oan de ein fan de middei koart oan de oandacht fan de âlden te ûntkommen en it hûs oan de Weersterwei te ferlitten.

Der waard in grutte sykaksje opset nei it fermiste bern. In buertbewenner fûn it famke yn in sleat en helle har út it wetter. It slachtofferke is noch reanimearre, mar is yn it sikehûs ferstoarn.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)