Doarpskroech Marrum kreake

18 jun 2010 - 17:06

Ut protest is de doarpskroech fan Marrum freed kreake. Begjin dit jier moast it doarpskafee syn doarren slute. Sûnt 1973 hat kafee 'De Groene Oase' in belangryk plak west foar de Marrumers om gesellich byelkoar te sitten. Mar it koe op in gegeven stuit finansjeel net mear út.

Sûnt jannewaris is de kroech dêrom ticht en stiet er te keap. Om't it doarpsfeest is yn Marrum, kamen âld-stamgasten mei in ludike aksje en kreaken de kroech foar ien dei.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)