Rûnwei Feankleaster iepene

De rûnwei is iepene
Nei jierren fan tarieding is de rûnwei om Feankleaster einlik klear. De rûnwei moat in ein meitsje oan de ferkearsdrokte troch it doarp. It oankeapjen fan de grûn foar de dyk smiet in soad fertraging op. Guon grûneigners hiene beswier tsjin de fersteuring fan de natuer.
Benammen de famylje Van Harinxma thoe Slooten, de eigner fan Fogelsanghstate yn Feankleaster, woe de grûn net kwyt. Uteinlik hat Kollumerlân dy grûn mei in ûnteigeningsproseduere krigen.