Beswier tsjin bungalowpark

18 jun 2010 - 15:23

Steatsboskbehear en Nasjonaal Park Lauwersmar meitsje beswier tsjin de komst fan it nije bungalowpark Lauwershage yn de Kollumerwaard. Neffens Steatsboskbehear komt it park mei 350 bungalows op it ferkearde plak.

It eardere terrein fan it krûdfabryk is oanwiisd as bouplak. Dat is lykwols bestimpele as stiltesône. Ek fynt Steatsboskbehear dat der bettere alternativen binne.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)