Jordaanske prins by Solar-race
De Frisian Solar Challenge krijt besite fan de Jordaanske prins Asem Bin Al Nayef. De prins is foarsitter fan de Jordaanske belangeferiening foar duorsume enerzjy.
Op 4 july komt de prins nei de sprintwedstriden yn de Prinsetún yn Ljouwert. Hy sil dan ek de prizen útrikke. In dei letter is de prins ek te gast by de start fan de Frisian Solar Challenge sels.