De Vries tekenet twa jier by

Mark de Vries bliuwt noch twa jier by Cambuur
Sportklup Cambuur hat Mark de Vries langer fêstlein. De spits tekenet in kontrakt foar twa jier by de Ljouwerters. Yn earste ynstânsje gie De Vries net akkoart mei in foarstel fan de klup, mar nei in ferbettere oanbieding set hy dochs in hantekening ûnder in nij kontrakt.
De Vries waard it ôfrûne jier topskutter fan de Ljouwerters mei 21 goals. Cambuur is no noch op syk nei in twadde spits achter De Vries en nei in linksback.