Wetterskip wol fiskatlas

Sportfiskers wurde massaal oproppen om te melden hokfoar fisken se allegear fange. De sammele gegevens komme yn in fiskatlas dy't yn opdracht fan it Wetterskip makke wurdt.
In grut ferskaat oan organisaasjes wurket mei oan de atlas, wêrûnder de wurkgroep Vissen Onderzoek Friesland. Mei de fiskatlas kinne ynstânsjes fisken better beskermje. Fierders ûntstiet der ek in better byld fan de soarten fisk dy't yn Fryslân libje.