Maatregels tsjin prosesjerûp
Weststellingwerf hat in tal beammen yn Sonnegea ôfset mei lint. Dat is dien omdat yn de beammen de ikeprosesjerûp sit. De hierkes fan dy rûp kinne foar yrritaasje soargje by minsken.
Ferline jier waard de rûp foar it earst sjoen yn Weststellingwerf. De gemeente hat in bedriuw opdracht jûn de nêsten fan de rûpen út de beammen te heljen.