PKN-projekt docht fertuten

18 jun 2010 - 12:16

It projekt fan de PKN mei in diakonaal fertrouwenspersoan is in grut sukses. Yn Achtkarspelen, Dantumadiel, Dongeradiel en Kollumerlân kinne minsken mei skuldproblemen help sykje by Tjitske van der Meer. Se is de earste yn Nederlân dy't sa wurket.

It is faak dreech mei skuldproblemen nei ynstânsjes te gean. In persoanlike benadering wurket faak better. In heal jier lyn is mei dit projekt begûn en der binne no al mear as 60 minsken mei holpen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)