Agressive dronken man oppakt

18 jun 2010 - 10:42

Yn Ljouwert hat de plysje tongersdeitenacht in dronken stapper oanhâlden. De man fan 22 jier hie yn in hoarekasaak in frou lestich fallen. Se hie ferskate kearen frege oft de man fuortgean woe. Doe't er dat net die, sloech de frou de man. Dy gie dêrnei folslein troch it lint.

Doe't in portier de man de saak útsette woe, waard er troch de man skopt en slein. Plysjes hawwe de dronken man meinaam.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)