Politisy Frjent'diel ynteger

18 jun 2010 - 10:09

Der is gjin reden om te te twiveljen oan de yntegriteit fan riedslid Maarten de Bok en âld-wethâlder Lieuwe Miedema fan Frjentsjerteradiel. Dat docht bliken út in ûndersyk fan it Bureau Integriteit Nederlandse Gemeente (BING).

De gemeente skeakele it buro yn fanwege beskuldigings fan in projektûntwikkeler. Dy fûn dat it riedslid en de wethâlder net ynteger omgiene mei it festigingsbelied foar supermerken.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)