Swimbadkontrakt net ferlingd

De gemeenteried fan Frjentsjerteradiel set syn plannen mei it swimbad yn Frjentsjer troch. Frjentsjerteradiel wol fan it swimbad ôf troch it te ferkeapjen of te sluten. Mei it each dêrop waard tongersdei besletten it kontrakt mei de behearder fan it swimbad net te ferlingen. Dat kontrakt rint yn de rin fan takom jier ôf.
It swimbad wurdt ôfstjitten omdat Frjentsjerteradiel de kommende fjouwer jier mear as oardel miljoen euro besunigje moat.