Underskieding foar Gerrit Krol

Ald-wethâlder Gerrit Krol fan Ljouwert
Ald-wethâlder fan de gemeente Ljouwert en tydlik boargemaster fan gemeente It Bilt, Gerrit Krol, is tongersdei riddere. By syn lêste gearkomste as foarsitter fan de Verening Friese Gemeenten krige Krol de fersiersels fan Ridder yn de Oarder fan Oranje Nassau opspjelde troch boargemaster Ferd Crone fan Ljouwert.
Gerrit Krol wie ûnder oare njoggen jier wethâlder yn Ljouwert yn de perioade fan 2001 oant en mei 2010.