Fúzjekonsert Súdwesthoeke

17 jun 2010 - 21:08

Mei in grut konsert wolle de 31 korpsen fan Súdwest-Fryslân op 5 febrewaris takom jier ôfskie nimme fan de fiif Súdwesthoekegemeenten. Mei-inoar moatte hast tûzen muzikanten op trije lokaasjes op itselde tiidstip in konsert jaan.

Dêrmei wolle se de âlde gemeenten betankje foar de stipe, dy't der altyd jûn is oan de muzykferienings. Mar de orkesten wolle oan de nije gemeente ek sjen litte dat se der binne.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)