Grutte ambysjes mei N31 Harns

17 jun 2010 - 20:28

De gemeente Harns hat grutte ambysjes mei de nije N31-dyk, dy't dwers troch Harns rint. Grutte ambysjes omdat it net samar in dyk is as alle oaren. De dyk komt nammentlik oer in lingte fan 2,5 kilometer ferdjippe yn de grûn te lizzen.

Sa moatte de Harnzers sa min mooglik lêst hawwe fan de dyk en him yn elk gefal net sjen kinne. Tongersdei mochten de Harnzers sels ris sjen nei de plannen en harren miening jaan op de spesjale ynformaasjemerk.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)