Gjin proef enerzjysunich bouwe

Minister van Middelkoop skrast de proef mei enerzjysunich bouwe
De noardlike trije provinsjes wurde gjin proefgebiet foar enerzjysunich bouwe. Demisjonêr minister Van Middelkoop fan wenjen wol boubedriuwen yn it Noarden gjin strangere miljeu-easken oplizze. Fryslân, Grinslân en Drinte woene mei-inoar 100.000 huzen mear duorsumer meitsje as yn de rest fan Nederlân.
Mar omdat boubedriuwen en korporaasjes dêr beswieren tsjin hawwe, lûkt Van Middelkoop it plan werom. De bou soe neffens de bedriuwen te djoer wurde.