6 Fryske keamerleden beëdige

17 jun 2010 - 15:31

Yn Den Haach binne tongersdei de nije leden fan de Twadde Keamer beëdige. Dêrûnder binne dizze kear seis Friezen. Magda Berndsen (D66), Jacques Monasch (PvdA) en Anne-Wil Lucas (VVD) binne nij. Sy hawwe harren taret op harren nije wurkkring, ûnder oare troch it folgjen fan kursussen.

Joop Atsma (CDA), Sander de Rouwe (CDA) en Lutz Jacobi (PvdA) meie opnij plaknimme op 'e blauwe stuollen. Njonken dizze seis binne der noch mear keamerleden mei Fryske roots.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)