Fertochten laserpen wer frij

De twa Ljouwerters dy't troch de keninklike maresjesee oanhâlden binne foar it skinen mei in laserpen binne wer frijlitten. De manlju fan 19 en 21 jier bliuwe wol fertochte. De Ljouwerters wurde fertocht fan it beskinen fan helikopterpiloaten en in befeiliger fan 'e fleanbasis yn Ljouwert mei in laserpen.
De maresjesee is noch dwaande mei it ûndersyk. De stikken geane takom wike nei it Iepenbier Ministearje yn Ljouwert.