Grutte brân by Hee op Skylge

Der is tongersdeitemiddei dúnbrân útbrutsen op Skylge. Yn de bosken tusken Hee en Midslân stie twa bunder natuergebiet yn brân. De brân is tichtbij in teaterlokaasje fan Oerol en tichtbij kemping De Kooi by Hee.
Twa brânwachtkorpsen binne derhinne. It giet om dy fan Midslân en dy fan West-Skylge. Sy binne oan it blussen mei help fan toeristen en Oerolgongers. De kemping fan Hee is net bedrige. Foar it Oerolfestival hat de brân gjin gefolgen.