Van der Heide assistint by ONS

Sandor van der Heide assistint-trainer ONS Snits
Sandor van der Heide wurdt takom seizoen assistint-trainer by ONS Snits. Hy sil de nije haadtrainer Jan Vlap bystean by de klup, dy't dit jier nei de haadklasse promovearre.
Van der Heide, no spiler by SC Cambuur, spile sels fan 2002 oant 2007 by ONS. Hy waard yn dy perioade twa kear kampioen, yn de earste klasse en yn de haadklasse. It ôfrûne jier wie Van der Heide trainer fan SC Cambuur D2.