Fertochte Bouma langer fêst

17 jun 2010 - 10:39

De frou (47) dy't fertocht wurdt fan de moard op Pietje Bouma út Frjentsjer moat binnen tritich dagen foar de rjochter ferskine. De frou sit sûnt begjin april fêst, har foararrest is woansdei foar de lêste kear ferlingd mei nochris tritich dagen.

Frou Bouma waard op 13 maart dea fûn yn har appartemint yn Frjentsjer. Se wie mei mestekken om it libben brocht. It foararrest is nochris ferlingd omdat it ûndersyk nei de moard noch net hielendal klear is.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)