Glêsfezel ynsette tsjin krimp

16 jun 2010 - 20:13

Troch glêsfezel oan te lizzen op it plattelân kin de krimp fan de befolking tsjingien wurde. Dat seit boargemaster Polderman fan Tytsjerksteradiel. Bedriuwen dy't oars fuortgean soene, bliuwe troch sa'n glêsfezeloansluting.

Yn de perioade 2006-2009 binne der yn Fryslân 639 saaklike oanslutings realisearre. It tal oanslutings groeit yn Fryslân hurder as yn de rest fan it lân.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)