Steaten foar Sintrale As

16 jun 2010 - 20:01

Provinsjale Steaten bliuwe foar de oanlis fan de Sintrale As. Dat die bliken op in kommisjegearkomste. Fryske natuer- en miljeuorganisaasjes woenen útstel fan it beslút. De organisaasjes pleitsje foar in griene fariant fan de Sintrale As, dy't dan foar in part oer de besteande twabaansdyk giet.

De measte partijen yn de Fryske Steaten hâlde lykwols fêst oan it al troch de Steaten ynnommen stânpunt.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)