Grutte oarder foar bedriuw ATT

It bedriuw ATT sil nei alle gedachten bot groeie de kommende tiid
It bedriuw Advanced Touchscreen Technology (ATT) yn Ljouwert krijt der de kommende tiid mooglik tsientallen banen by. It bedriuw hat in kontrakt sluten mei in Dútske Multynational. It Ljouwerter ATT ûntwikkelet touchscreens. Dat binne byldskermen dy't tagelyk ek as knop funksjonearje as je se oanreitsje
It Ljouwerter bedriuw hat wat útfûn wêrtroch it mooglik is om touchscreens ek ûnder ekstreme omstannichheden brûkt wurde kinne.