Jorritsma lunsjt mei biskop

Kommissaris Jorritsma en biskop De Korte
Kommissaris Jorritsma en syn kollega's fan Grinslân en Drinte hawwe woansdeitemiddei in hapke iten mei biskop de Korte fan bisdom Grins-Ljouwert.
Yn it Stêdhâlderlik Hôf hawwe de trije bestjoerders en de biskop ûnder it genot fan broadsjes praat oer saken as earmoedbestriding, de takomst fan de tsjerke en de tanimmende maatskiplike ûnfrede. De mienskiplike lunsj waard ferline jier foar it earst hâlden.