Stipe foar doarpshûs Blije

16 jun 2010 - 12:54

It nije doarpshûs fan Blije kaam woansdei in stap tichteby. Deputearre Piet Adema makke ûnder in wurkbesite bekend dat de provinsje 150.000 euro beskikber stelt foar de bou fan in nij multyfunksjoneel sintrum.

It hjoeddeistige doarpssintrum foldocht net mear. Yn it nije sintrum komme ferienings, soarch, ûnderwiis en in bibleteek. Mei de bijdrage fan de provinsje hat Ferwerderadiel no 1,1 miljoen foar it projekt. Der is noch sa'n 7 ton nedich.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)