Frou Lamers nei Fier Fryslân

Fier Fryslân hat bysûnder heechlearaar Francien Lamers-Winkelman oannaam. Lamers is oan de Vrije Universiteit fan Amsterdam spesjalisearre yn helpferliening en previnsje fan bernemishanneling. Se set har al tritich jier yn foar mishannele bern en jildt lanlik as de ekspert op dit ûnderwerp.
By Fier Fryslân sil Lamers har dwaande hâlde mei ûndersyk, oplieding en ynnovaasje. Ek sil se fungearje as fraachbaak.