Silerij pas nei Nederlân-Japan

16 jun 2010 - 09:46

De middeiswedstryd fan it skûtsjesilen op de Burgumermar begjint kommende sneon letter fanwege de wedstriid fan it Nederlânsk alvetal tsjin Japan.

De sylwedstryd soe om healwei trijen begjinne, mar dat is mei oardel oere útsteld. Sa kinne de bemanningen en de besikers de fuotbalwedstryd sjen. Op twa plakken by de mar en yn Eastermar wurde grutte skermen delset dêr't minsken it fuotbaljen op sjen kinne.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)