Taname drugsgebrûk A'karspelen

Der is mear en mear drugsgebrûk yn de gemeente Achtkarspelen. Yn de Veiligheidsrapportage fan de gemeente oer 2009 stiet dat der fanút ferskillende maatskiplike hoeken sinjalen oer tanimmend drugsgebrûk komme.
De omfang fan de problematyk is net dúdlik. B en W fan Achtkarspelen wolle besykje om dêr ynsicht yn te krijen. De meldingen komme ûnder oare by it jongerewurk en it ûnderwiis wei.