29 konsultaasjeburo's ticht

15 jun 2010 - 14:56

Yn totaal 29 konsultaasjeburo's yn Fryslân slute de kommende jierren de doarren. De konsultaasjeburo's wurde sintra foar jeugd en gezin. Dy sintra binne net allinnich bedoeld foar minsken mei bern fan 0 oant 4 jier, mar ek foar bern oant 19 jier.

De sluting sil foaral bewenners fan lytse doarpen treffe om't de sintra harren konsintrearre yn gruttere plakken. It bestjoer nimt op 7 july in definityf beslút.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)