Grut lek wetterlieding Harns

Der is in grut lek yn in wetterlieding oan de Ungabuursterwei yn Harns. Yn in grut part fan de stêd, mar ek yn doarpen as Seisbierrum, Mullum en Winaam hawwe minsken op dit stuit gjin wetter. Goed 20.000 oant 25.000 minsken hawwe der lêst fan. It lek yn de wetterlieding ûntstie om alve oere hinne, de oarsaak is noch net bekend.
It bedriuw ferwachtet dat ynwenners oan de noardwestkant fan Harns binne no en in oere wer wetter ha.