Opknapplan foar Boalsert

De presintaasje fan de plannen
Boalsert wol mear wettertoeristen lûke. De gemeente hat moandei ambisjeuze plannen presintearre om de stêd en it gebiet dêrom hinne oantrekliker te meitsjen. Boalsert moat in bettere oanslúting krije op de Lytse Marren, dat is it lânskip oan de súdkant fan de stêd.
De farwegen moatte ek ferbettere wurde en Boalsert moat fia in nije dyk better oanslúte op de besteande struktuer fan diken. De ynwenners reagearje ferdield op de plannen.