Opblaasbere term yn Drachten

14 jun 2010 - 21:50

Mei in opblaasbere term warskôget sikehûs Nij Smellinghe yn Drachten foar termkanker. De term is sa grut dat besikers der trochhinne rinne kinne. Underweis binne ferskate oandwanings te sjen dy't yn de termen foarkomme kinne. Wannear't dy net op tiid ferholpen wurde, kin der termkanker ûntstean.

De term stiet noch oant en mei snein yn de sintrale hal fan it sikehûs. It giet mei om in inisjatyf fan de Maag Darm Lever Stichting.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)