Frou Ljouwert komt om yn Grins

14 jun 2010 - 18:13

In frou (63) út Ljouwert is moandei om it libben kaam by in kettingbotsing yn Grins. De auto dêr't de frou yn siet waard op de Weg der Verenigde Naties fan achteren oanriden troch in bus. De frou ferstoar op it plak fan it ûngelok, har man (64) is swier ferwûne opnaam yn it sikehûs. De auto fan it Ljouwerter echtpear ried troch de klap op dy fan in ynwenner fan Grins.

Dy botste op de auto fan twa Drachtsters. Dy Drachtsters rûnen dêrtroch nekklachten op.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)