Fuotbal sjen op it wurk

14 jun 2010 - 17:01
  • Hast gjin ferkear ûnder de wedstriid (foto: Lenus van der Broek)
  • Pasjinsten folgje de wedstriid yn it MCL

Yn hiel Fryslân stie moandeitemiddei alles even stil. It Nederlânsk alvetal spile de earste wedstriid op it WK-fuotbaljen yn Súd-Afrika. It rûn goed ôf foar Oranje, want it waard 2-0.

Thús, op skoallen, yn kafees en sels op it wurk siet hast elkenien foar de tillevyzje om mar neat te missen fan de wedstriid tsjin Denemarken. De winkels hiene hjirtroch mar in hiel lyts bytsje klanten en ek op de strjitten en autodiken wie it folle kalmer as oars.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)