Súd-Afrikaanske bern yn Snits

14 jun 2010 - 14:29

Krekt op de earste wedstryddei fan Oranje yn harren lân binne Súd-Afrikaanske skoalbern yn Fryslân te gast by it Bogerman College yn Snits.

De Súd-Afrikaanske bern ûndersykje hoe't der yn Fryslân omgongen wurdt mei wetter. Oan de hân dêrfan wolle se besykje de wettersituaasje yn harren thúslân te ferbeterjen. Op de earste dei fan it offisjele programma wie der in wolkom op it gemeentehûs fan Snits troch boargemaster Apotheker. Tiisdei giet it echte ûndersyk los.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)