Kuiper stapt op by It Fean

Yme Kuiper (foto: Martin de Jong)
Yme Kuiper en Henk Hoekstra, direksjeleden fan SC Hearrenfean, ferlitte de klup op 1 july. Hearrenfean woe Kuiper graach behâlde as direkteur fuotbalsaken. Mar Kuiper, dy't sûnt 1998 by de klup yn 't spier is, hat nei lang berie besletten dat net te dwaan. Henk Hoekstra wie sûnt 1988 ferbûn oan Hearrenfean.
Alle belutsenen wolle net op it fuortgean fan Kuiper en Hoekstra reagearje.