Soad tv-skermen op bedriuwen

14 jun 2010 - 12:41

By in soad Fryske bedriuwen, skoallen en oare ynstellings binne moandei fideoskermen oansleept om de meiwurkers de kâns te jaan om nei de wedstryd fan Oranje tsjin Denemarken te sjen. Ek by Aegon, ien fan de grutste wurkjouwers fan Fryslân, stiet om healwei twaen de tiid efkes stil.

Alle 700 meiwurkers fan fersekerder Aegon kinne de wedstriid tsjin de Denen sjen. Der is ek noch in lêzing fan Marc Lammers, de âld-bûnscoach fan it Nederlânsk frouljushockeyteam.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)