Sevenwolden: gjin fuotbal sjen

14 jun 2010 - 12:23
  • Dizze learlingen meie de fuotbalwedstriid net sjen...
  • De bern fan de basisskoalle yn Aldeholtwâld mochten sjen (foto Lenus van der Broek)

Learlingen fan OSG Sevenwolden op It Hearrenfean binne lilk. Op de lokaasje Fedde Schurerplein geane de lessen ûnder de WK-wedstriid Nederlân tsjin Denemarken gewoan troch. Neffens de direksje is de wedstriid net belangryk genôch en soe de helte fan de learlingen net fan fuotbal hâlde.

3-Atheneumlearling Léon Melein is it hjir lykwols net mei iens. Hy begûn in hantekenaksje om sjen te litten dat wol mear as de helte fan de skoalle fan fuotbal hâldt.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)