Fúzje De Slegte en De Tille

02 apr 2012 - 17:30

De kâns is grut dat de boekwinkels fan Selexyz oernommen wurde troch boekhannel De Slegte. De bewâldfierder seit dat yn it NRC Handelsblad. Boekhannel De Tille yn Ljouwert is ûnderdiel fan it fallite Selexyz. Beide boekhannels hawwe lêst fan legere omsetten troch de konkurrinsje fan webwinkels. Fierders sitte se faak op djoere lokaasjes yn de stêd. Dat is ek yn Ljouwert it gefal by beide winkels.

Doel fan de nije eigener ProCures is om safolle mooglik winkels byelkoar te bringen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)