Wetterskip:soargen oer takomst

Wetterskip Fryslân makket him soargen oer de finânsjes nei 2011. Dat komt fral troch it grutte tal ekstra taken dat it Wetterskip der by krijt. Sa wurdt it wetterskip ferantwurdlik foar de wetterkearing op de Waadeilannen en wurde behearstaken fan gemeenten oan it Wetterskip oerdroegen.
Sels ynvestearret it Wetterskip de kommende jierren yn sa'n 300 gemalen om se oan te passen oan it feroarjende klimaat. It Wetterskip wol yn 2011 de wetterskipslesten mei 12 euro ferheegje.