Man fan fyts bestellen

14 jun 2010 - 11:21

In 19-jierrige man út De Gordyk is ôfrûne nacht op de KR Poststrjitte op It Hearrenfean bestellen fan syn fyts. It slachtoffer wachte op in krusing foar twa jonges. Dy kamen op him ta en treaunen him achteroer, wêrtroch it slachtoffer mei syn holle en knibbel op in peal foel.

De Gordykster rekke efkes bûten westen. Doe't hy wer bykaam seach er de beide dieders fuortriden op syn fyts. De man út De Gordyk hat oanjefte dien.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)