Jonge boatedief oanhâlden

14 jun 2010 - 10:53

Twa 14-jierrige jonges fan Raerd en Easterwierrum binne oanholden op fertinking fan stellerij fan in boat mei bûtenboardmotor. It boatsje wie fan sneon op snein stellen yn Reduzum. Snein waard it boatsje troch de plysje te wetter yn Grou sjoen. Nei in syktocht waarden de jonges fûn en nei it plysjeburo brocht.

Undersyk wiisde út dat de jonge fan Easterwierrum neat te krijen hie mei de stellerij. Hy is troch syn âlden ophelle. De oare jonge moast bliuwe.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)