Miskien Tour foar Weening

Pieter Weening docht mooglik dochs mei oan de Ronde fan Frankryk. De 29-jierrige hurdfytser fan De Harkema soe dan de ferfanger wurde fan Laurens ten Dam. Ten Dam foel snein yn de Ronde fan Switserlân en hat no in tal slimme blessueres.
Ek Bram Tankink is reserve foar de Rabobank-ploech. Weening is krekt as Van Dam in klimmer. Dêrom soe de kar foar de Fryske hurdfytser logysk wêze. De Ronde fan Frankryk begjint op sneon 3 july yn Rotterdam mei de prolooch.