Simmerhit 2010 op it wetter

13 jun 2010 - 17:03
  • Hermien Swart

Yn it programma Sport en Muzyk fan Omrop Fryslân Radio is dit wykein it nije simmerlietsje fan Omrop Fryslân yn premjêre gien. 'Fiel de wyn' wurdt songen troch Hermien Swart. Sy studearret oan it konservatoarium yn Zwolle, mar sjongt al folle langer. Sa hat se ûnder oare meidien oan it Vara's Bernesjongfestival en de musical 'Kunt u mij de weg naar Hamelen vertellen'.

It nûmer sil de kommende tiid in soad te hearren wêze by Omrop Fryslân.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)